Omwaaide ljedder falt op famkes

24 jun 2003 - 00:00

Twa famkes út Ljouwert binne moandei ferwûne rekke doe't se in ljedder op har krigen. De twa famkes fytsten by it Friesland College oan de Curaçoastrjitte yn har wenplak lâns, doe't de ljedder troch de skuorwyn op har waaide.

De ljedder waard brûkt troch twa ynstallateurs dy't dwaande wiene mei it dak fan de skoalle. De famkes binne oerbrocht nei it sikehûs, mar koene dat nei behanneling ferlitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)