Omtinken op befrijingsdei foar jazzband The Snake Charmers

05 maaie 2015 - 11:01

De Gordykster jazzband The Snake Charmers, dy't yn 1942 oprjochte waard, krijt tiisdeitemiddei spesjaal omtinken by it Befrijingsfestival yn Ljouwert. De band wie in inisjatyf fan waarman Hans de Jong. Skriuwer Anne Wadman wie ien fan de oare muzikanten.

Nei de oarloch waard der troch The Snake Charmers rûnom yn de provinsje optreden foar Kanadezen. Op befrijingsdei wurdt de muzyk fan de band útfierd troch The Northern European Jazz Orchestra. It optreden begjint om kertier foar fjouweren op it Wilhelminaplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)