Omtinken homoseksuele âlderen

19 mrt 2013 - 23:24

Fersoargingstehuzen yn Fryslân sille mear omtinken jaan oan homoseksuele bewenners. Dat is tiisdei ôfpraat op it earste saneamde Roze Beraad dat yn Drachten holden is.

Ferskate ynstânsjes praten oer de soarch foar de homoseksuele âlderen. Yn Fryske soarchynstellings dêr't 7500 minsken wenje, hawwe sa'n 500 in oare seksuele foarkar. Dy doare dêr faak net foar út te kommen. Dêrom stelle se de ferhuzing nei in tehûs sa lang mooglik út.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat der net goed tocht wurdt oan de posysje fan homoseksuele âlderen yn ynstellings. Harren oanwêzichheid wurdt faak ferswijd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)