Omtinken foar tunen Vlaskamp

09 nov 2010 - 14:51
  • Vlaskamptún yn Mantgum (foto: Aly van der Mark)

Der moat in boek en in webside komme oer de tunen fan Gerrit Vlaskamp yn Fryslân. De Stichting Lânskipsbehear Fryslân lit ûndersykje wat der noch fan syn tunen oer is. Túnarsjitekt Vlaskamp hat 320 tunen ûntwurpen. Dêrfan binne 290 yn Fryslân, lykas de Wilhelminaparken yn Snits en yn Grou.

As alle ynformaasje sammele is, komt der neist in boek en webside ek noch in eksposysje yn it Frysk Museum. Vlaskamp (1834-1906) is de ûnbekende opfolger fan Lucas Roodbaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)