Omtinken foar Special Olympics

24 mrt 2014 - 17:04
  • Special Olympics 2014

Omrop Fryslân hat him as mediapartner ferbûn oan de Special Olympics Nationale Spelen. Dy nasjonale spullen foar minsken mei in ferstanlike beheining (G-sporters) wurde dit jier organisearre op It Hearrenfean en yn Snits. Fan 13 o/m 15 juny komme 2.000 sporters en harren 650 coaches nei it evenemint ta. Omrop Fryslân hat yn de oanrin nei it evenemint op radio, televyzje en ynternet omtinken foar de dielnimmers fan de Special Olympics.

Alle sporters binne keppele oan in promininte coach dy’t him de kommende tiid ynset sil foar de G-sporters.

Dat binne Barbara de Loor, Lutz Jacobi, Foppe de Haan en Jan Posthuma. Omrop Fryslân folget de kommende tiid fjouwer Fryske sporters en harren spesjale coaches by de tariedings op de Spelen. It giet om fuotballer Jeffrey van Uffelen dy’t meidocht oan it fuotbaltoernoai en syn coach Foppe de Haan, kuorbalster Alice Norbruis en har coach Lutz Jacobi, siler Jacob van der Meulen en syn coach Jan Posthuma en swimster Aaltsje van der Iest en har coach Barbara de Loor.

Dizze wike wurdt yn it televyzjeprogramma Bynt in reportaazje útstjoerd oer ien fan dy fjouwer dielnimmers. Op de website fan Omrop Fryslân stiet fan 1 april ôf in aparte side foar it evenemint. Dêr kinne de tariedings en ûnderfinings fan de fjouwer dielnimmers op ‘e foet folge wurde. Ek op Omrop Fryslân Radio is der elk wykein omtinken foar it evenemint.

De organisaasje fan Special Olympics is bliid mei alle oandacht dy’t it evenemint krijt. ,,We zijn erg content met de aandacht van Omrop Fryslân voor ons evenement. De Nationale Spelen vormen een prachtig podium om de doelgroep en de mogelijkheden van G-sport onder de aandacht te brengen. Sport is niet alleen goed voor de gezondheid maar het draagt ook bij aan hun zelfvertrouwen en eigenwaarde”, sa seit projektlieder Baukje Wallendal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)