Omtinken foar sirkusbisten

07 sep 2006 - 10:08

De gemeente Ljouwert wol ekstra oandacht foar it wolwêzen fan bisten yn sirkussen dy't de stêd besykje. Om derfoar te soargjen dat goed nei it wolwêzen fan de bisten sjoen wurde kin, hat de gemeente beliedsregels makke foar sirkussen.

Yn de regels stiet ek hoe faak der in sirkus komme kin en wat de kwaliteit fan dat sirkus wêze moat. Mar dat betsjut net dat de amtners aanst yn de koaien mei bisten krûpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)