Omtinken foar oerfallen Snits

17 mrt 2009 - 10:25
  • Plysje ropt help media yn

De plysje besiket mei de help fan de regionale tv-stjoerders Omrop Fryslân en GPTV in rige oerfallen yn Snits op te lossen. Yn in pear moanne tiid wiene der acht oerfallen. De earste wie op 20 oktober ferline jier, doe waard in tankstasjon oerfallen. Dêrnei folgen noch sân oerfallen, wêrûnder ien op in hûs en ien wêrfan't in âldere frou it slachtoffer waard.

De plysje lit ûnder oaren yn it tv-programma Hjoed kamerabylden fan de oerfaller sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)