Omtinken foar jonge soargers

04 nov 2006 - 16:03

Yn Dokkum wie sneon in spesjale dei foar jonge mantelsoargers. Mear as 2000 jongeren yn Fryslân ha thús te krijen mei sike, hendikepte of ferslaafde gesinsleden.

Sy ha faak in soad soargen. Thús giet de oandacht faak nei de sike en dêrtroch krije guon jongeren te min omtinken. Dêrom wie der sneon spesjaal in dei foar har. Sa koene de bern prate mei oare bern dy't yn de selde sitewaasje sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)