Omtinken foar Douwe Kiestra

11 des 2004 - 09:27

Yn Poppenwier is snein 12 desimber omtinken foar de dichter Douwe Hermans Kiestra (1899-1970). De Poppenwierster wie dêr boer en aktyf yn de mienskip. It literêr tydskrift Hjir presintearret in hiel nûmer oer Kiestra.

Oan it wurd komt ûnder oare dichter en kritikus Abe de Vries. Hy hat in nije blomlêzing út Kiestra syn poëzy gearstald. In koar sjongt lieten fan Kiestra. De middei begjint 13.30 oere yn it doarpshûs. De tagong is fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)