Omtinken foar blinen yn ferkear

17 okt 2000 - 10:35

It wie moandei ynternasjonale wite stôkdei. Blinen en minsken dy't net goed sjen kinne, freegje mei de spesjale dei omtinken foar har posysje yn it ferkear.

De fisueel handikapten hawwe lêst fan obstakels op strjitte. Der moat mear rekken mei har hâlden wurde. Dat kin mei saneamde geleidelijnen, ribbeltegels, dêr't de blinen mei har stôk it paad folgje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)