Omtinken foar âld Ferwert

03 des 2010 - 17:17

Yn Ferwert wurde de kommende tiid buordsjes ophongen oan huzen en gebouwen oer hoe't it foarhinne wie. De fyftich buordsjes jouwe ynformaasje oer hokker ambachtsman wurke yn it gebou, bygelyks in weinmakker, in sjirurgyn of in kleanmakker. Mei de buordsjes moatte yn de takomst doarpsgidsen toeristen rûnliede kinne.

De earste panieltsjes binne freed ophongen by de presintaasje fan it boek 'Een rondgang door Historisch Ferwerd'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)