Omstanners yn Balk rêde jonkje (4) út kofferbak auto

31 jul 2015 - 18:23

Omstanners hawwe freedtemiddei yn Balk in jonkje fan 4 jier befrijd út de kofferbak fan in auto. Foarbygongers hearden op de Lytse Side lûd kommen út de kofferbak fan in parkearde auto. It slagge harren om de kofferbak iepen te brekken en it jonkje der út te heljen.

It bern wie hielendal oerstjoer en waard opfongen troch omstanners. Dy warskôgen de plysje. Neffens it jonkje wie hy yn de kofferbak opsletten. Doe't de 41-jierrige mem út Achtkarspelen by de auto kaam, is sy foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

De mem hat tsjin de plysje sein dat sy net wit hoe't har soantsje yn de kofferbak kaam is. It is net bekend hoe lang it jonkje yn de kofferbak sitten hat. It giet neffens de plysje nei omstannichheden goed mei him. De plysje ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)