Omstanners Psy-Fi-festival hâlde rêchsekdief oan

29 aug 2015 - 13:25
  • It terrein fan it Psy-Fi-festival by Ljouwert

Op it festivalterrein fan Psy-Fi yn it Griene Stjer-gebiet yn Ljouwert hat de plysje freedtenacht in 26-jierrige man út Poalen oanhâlden. De man hie in rêchsek stellen fan in man út Hoorn.

Omstanners hawwe mei help fan befeiligers de dief yn betwang hâlden oant de plysje der wie. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)