Omstanners pakke winkeldief

14 aug 2011 - 12:20

Winkeljend publyk hat sneon yn Ljouwert holpen om in winkeldief te pakken. In tsjûge seach dat de man him fertocht gedroech by in fitrine yn in grutte winkel oan de Nijstêd. Doe't er bûten wie, naaide de fertochte hurd út. De tsjûge draafde der achteroan en rôp omstanners om de dief tsjin te hâlden. De fertochte is ûnderúthelle en nei de winkel brocht.

It die bliken dat er trije gouden kettinkjes yn de bûse hie. Hy is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)