Omstanners hâlde dieven tsjin

03 aug 2010 - 10:20

Omstanners hawwe moandei yn Hollum op It Amelân meiholpen twa winkeldieven oan te hâlden. In 34-jierrige frou en in 38-jierrige man út Wadenoijen yn Gelderlân hiene guod stellen by in winkel oan de Laapstrjitte.

It stel woe mei de auto útnaaie, mar omstanners giene om de auto hinne stean om dat foar te kommen. It wie doe foar de plysje maklik om de dieven oan te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)