Omslach yn tongblierbelied

04 apr 2001 - 00:00

Yn de benadering fan de tongblierkrisis yn Nederlân is sprake fan in omslach. Tiisdei makke minister Brinkhorst fan Lânbou bekend dat oergien wurdt nei previntyf intsjen. It giet om alle evenhoevige bisten op in part fan de Veluwe.

Bargen, skiep en geiten sille letter ôfmakke wurde, foar kij is dat noch net wis. Dy kinne ûnder betingsten yn libben bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)