Omskot Jung út grêf weihelle

19 jul 2002 - 00:00

It stoflik omskot fan de bekende ûnderdûker en fersetstrider Richard Jung is troch de stifting Oorlogsgraven út syn grêf yn St Jansgea weihelle. Dat is sûnder oerlis en sûnder tastimming fan de gemeente bard.

De stifting hat it omskot oerbrocht nei it earebegraafplak yn Loenen. It grêf fan Richard Jung wie in wichtich plak yn Skarsterlân by de 4 maaie betinking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)