Omskot fermiste Boalserter fûn

19 jan 2004 - 00:00

Twa fiskers hawwe snein yn de Boalserterfeart it stoflik omskot fûn fan Sietze Hofstra. De 75-jierrige Hofstra waard sûnt snein 13 desimber fermist. Op dy dei waard er foar it lêst sjoen doe't er lunchroom Miedema yn Boalsert ferliet.

Eardere syktochten yn de grêften fan Boalsert hiene gjin resultaat en ek in oprop yn it Tros-televyzjeprogramma Vermist smiet neat op. Ut ûndersyk hat bliken dien dat Hofstra ferdronken is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)