Omsetgroei by Oranjewoud

14 apr 2010 - 10:08

De omset fan yngenieursburo Oranjewâld is yn 2009 mei mear as 10 % tanommen oant mear as 400 miljoen euro. Yn 2008 wie de omset noch 360 miljoen euro.

De groei kaam fral troch de oername fan bedriuwen. De winst kaam yn 2009 úteinlik út op 13 miljoen euro en dat wie 14 persint leger as yn 2008. De direksje fynt de risseltaten befredigjend, ek sjoen de ekonomyske situaasje fan ferline jier. Fral yn de detasjearringssektor bleaune de risseltaten efter by de ferwachtingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)