Omset Friese Pers tebek

21 feb 2003 - 00:00

De Friese Pers, de útjouwer fan de Ljouwerter Krante, ferwachtet dit jier in tebeksetter fan trije miljoen euro yn de omset. Oarsaak is de weromgong fan it tal personielsadvertinsjes. Der falle lykwols gjin ûntslaggen en der ferdwine gjin titels.

Mei effisjinter wurkjen moat it ferlies ûngedien meitsje. Fierder hopet de Friese Pers drukoarders binnen te heljen dy't frijkomme as Wegener drukkerijen slút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)