Omropwebcam by Serious Request

17 des 2013 - 15:38
  • It Glêzen Hûs-yn-oanbou op it Saailân

No't Serious Request hast los giet, kin elkenien fan tiisdei 17 desimber ôf, alle aktiviteiten om it Glêzen Hûs hinne folgje fia live-bylden fan in Omrop Fryslân webcam: http://www.omropfryslan.nl/live/webcam-zaailand. De webcam-bylden komme út de tydlike studio Post Saailân yn de modelwente fan Makelaardij Friesland oan it Wilhelminaplein. Omrop Fryslân docht alle dagen ferslach fan de aktiviteiten foar Serious Request mei live bydragen foar radio en televyzje.

Noardewyn Live is der ek by op woansdei 18 en tongersdei 19 desimber.

Ut poppoadium Romein wei komt dan in streekrjochte radioútstjoering oer Serious Record, dat it rekôr non-stop live muzyk meitsjen ferbrekke wol. Yn it radioprogramma trede ferskate artysten op, wêrûnder Simon Feenstra, Piter Wilkens, Jankobus Seunnenga en de Boodschappers van het Algemene Nut.

Besjoch hjir de webcam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)