OmropTIP: Jelko van der Wiel oer de krisis by SC Hearrenfean

02 okt 2015 - 15:29
  • Wim Dijk en Jelko van der Wiel (rjochts)

Hoe lang is Jelko van der Wiel noch foarsitter fan SC Hearrenfean? De bestjoerskrisis by de fuotbalklup is freedtejûn it haadtema yn Bynt Sport. Oan tafel de haadrolspiler sels: Jelko van der Wiel. Fan 'e wike waard syn ûntslach oankundige yn de media. Van der Wiel seit sels fan neat te witten en wol in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gong fan saken by de klup. Ek yn de studio sjoernalist Jaap Stalenburg en Cambuurspiler Sander van de Streek.

Bynt Sport is te sjen fan 17.20 oere ôf en wurdt alle oeren werhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)