Omropsinjaal wer fanôf Jirnsum

30 jul 2007 - 14:50
  • It radiosinjaal komt tiisdei wer fanút Jirnsum

Mar leafst sân moanne letter as tocht kin Omrop Fryslân fan tiisdei ôf dochs wer útstjoere fanôf de FM-stjoerder yn Jirnsum. Yn oktober ferline jier moast de radio tydlik werom nei de mêst yn Smilde. De KPN moast oanpassings dwaan oan de antinnes yn Jirnsum yn ferbân mei it nije digitinnesysteem.

Benammen yn Noardwest-Fryslân is de ûntfangst fan Omrop Fryslân minder as der út Smilde wei útstjoerd wurdt. Dat probleem is no tiisdei oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)