Omroppers belje foar de Voedselbank

26 nov 2014 - 14:12
  • De Voedselbankaksje yn 2014

Op de redaksje fan Omrop Fryslân ha meiwurkers woansdei yn it spier west om minsken op te roppen om yn aksje te kommen foar de Voedselbank. De meiwurkers ha belle mei har freonen en bekenden út har eigen netwurk om de Voedselbank-aksje te stypjen.

Omrop Fryslân besteget mei alle oare regionale omroppen oandacht oan de Voedselbank. Doel is om safolle mooglik itensguod yn te sammeljen foar de Fryske itensbanken. Fan 8 oant en mei 19 desimber kinne harkers en sjoggers guod by Omrop Fryslân bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)