Omroppers begjinne Oerol-blog

11 jun 2007 - 14:32
  • Op de boat nei Skylge (foto fan ús Oerol-weblog)

Omrop Fryslân pakt dit jier grut út op it Oerol-festival. Fan moandei 18 juny ôf is der wer it Oerolsjoernaal. Dit programma is net allinnich op tv te sjen mar ek op de websites fan Oerol en Omrop Fryslân. Radioprogramma Simmer yn Fryslân komt nije wike streekrjocht fanôf it festivalterrein mei live muzyk en sterke ferhalen.

Op in spesjaal Oerol-blog sille meiwurkers fan 'e omrop fertelle wat se allegearre meimeitsje op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)