Omropnijs yn 1 minút

02 apr 2012 - 15:57
  • Nijs yn 1 minút

Op Omrop Fryslân Tillevyzje is op wurkdagen fan moandei ôf in nij soart nijsprogramma te sjen: nijs yn in minút. It giet om in koarte, flugge ferzje fan Hjoed mei yn 60 sekonden in oersjoch fan it belangrykste nijs fan de dei. De nijsminút is middeis fan ien oere ôf te sjen op de eigen tillevyzjestjoerder en op ynternet. De ynhâld wurdt de hiele dei troch ferfarske.

Op 'e hiele oeren is foarôfgeand oan it Fryske nijs in minút mei lanlik en ynternasjonaal nijs te sjen. Dat wurdt foarsoarge troch de NOS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)