Omropdirekteur yn rfk Cambuur

15 nov 2013 - 12:45
  • SC Cambuur
  • Omropdirekteur Jan Koster

Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster komt yn de ried fan kommissarissen fan SC Cambuur, tegearre mei Marije Rauwerda fan Van Beilen Rauwerda Advocaten. Sy folgje Harjan van Dam en Anne-Meine Gramsma op dy't fanwege oare wurksumheden nei trije jier ôfskied nimme as kommissaris fan de Ljouwerter fuotbalklup.

Koster en Rauwerda krije de portefúlje maatskiplike saken en kommersjele saken. Se begjinne op 1 jannewaris. De ried bestiet ek noch út Ype Smid en Rudy Douma. De Omropdirekteur siet earder al ris earder yn it Cambuurbestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)