Omrop troch op astrasatellyt

28 okt 2010 - 11:31

Omrop Fryslân giet foarearst in jier troch mei it útstjoeren fan tillevyzje fia de astrasatellyt. De Omrop hat hjirfoar subsydzje fan de provinsje Fryslân krigen. Tongersdei waard bekend dat in soad oare regionale omroppen der mei ophâlde. It giet om RTV Drenthe, RTV Noord-Holland, L1 Limburg, Omroep Brabant, Omroep Zeeland en RTV Rijnmond.

Sa'n 40.000 Friezen sjogge noch tillevyzje fia de satellyt. Sa'n 14 persint dêrfan sjocht nei de Omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)