Omrop TIP: Westrafilm De Fûke sneon op televyzje

07 mrt 2015 - 12:50
  • Rense Westra yn De Fûke
  • Rense Westra 1946 - 2015

Omrop Fryslân sil op sneon 7 maart de spylfilm 'De Fûke' fan Steven de Jong útstjoere. De omrop docht dat út respekt foar akteur Rense Westra, dy't sneontemiddei te hôf brocht wurdt.

'De Fûke' is in Fryske oarlochsfilm út it jier 2000 nei it boek mei deselde titel fan Rink van der Velde. Steven de Jong en Rink van der Velde skreaune tegearre it senario foar de film. Rense Westra spile de haadrol en rekkene dy sels ta ien fan syn bêste rollen. 'De Fûke' is te sjen om 18.20, 20.20, 22.20 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)