Omrop TIP: Tafel 18 siket bêste amateurkok fan Fryslân

29 jun 2015 - 16:00
  • Tafel 18

Omrop Fryslân giet yn it nije televyzjeprogramma Tafel 18 op syk nei de bêste amateurkok fan Fryslân. In faksjuery bepaalt tegearre mei it publyk yn seis ôfleverings wa’t dat is. De winner is de persoan dy’t ús yn 2018 bedjerre kin mei it lekkerste gerjocht fan Fryske grûn.

Mar yn Tafel 18 draait it net allinnich om itensieden, it draait ek om streekeigen produkten. De dielnimmers wurde útdage om mei typysk Fryske produkten nije ferrassende gerjochten op tafel te toverjen. De opnamen begjinne yn septimber en de presintaasje leit yn hannen fan Miranda Werkman. Tafel 18 wurdt fan oktober ôf útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje. Yn septimber binne der previews te sjen yn Hea!, Bynt en te hearren op radio.

Opjaan kin fia de webside fan Tafel 18.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)