Omrop TIP: skûtsjesilen live op tv, radio en ynternet

20 jul 2015 - 11:33
  • Skûtsjesilen

It skûtsjesilen is wer los. Moandei wurdt de twadde wedstriid fan de SKS syld op De Feanhoop. Omrop Fryslân docht, lykas alle dagen, de hiele middei live ferslach fan de silerij. Op radio yn it programma Simmer yn Fryslân wurde skûtsjes op de foet folge troch ferslachjouwers Gjalt de Jong en Geartsje de Vries.

Ek is der alle dagen op radio tsjin seizen in skûtsjekollum fan Hilda Talsma, skriuwster en bemanningslid yn de IFKS.

Op televyzje binne de hiele middei bylden te sjen fan de wedstriid. Ek online is de silerij te folgjen, op de webside en op de apps. Sjoch dêrfoar yn it menu fan de app by live TV. Of folgje de skûtsjes oan de wetterkant mei it kommintaar fan ús ferslachjouwers fia de live radiostream yn de app.

Fansels is der jûns in wiidweidige analyze en in gearfetting fan de wedstriid te sjen yn it Skûtsjesjoernaal op televyzje. It Skûtsjesjoernaal is de hiele jûn te sjen nei Hjoed en is online werom te sjen op simmerynfryslan.nl. Dêr is ek de folsleine útslach, it klassemint en de skûtsjepool te finen.

Us ferslachjouwers by it skûtsjesilen dogge ek ferslach op Instagram mei foto's fan de sillerij. Op de Batavier, it skip dêr't de mobile studio fan Omrop Fryslân op stiet, is in webcam ynstallearre mei in oersjoch fan de wetterkant ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)