Omrop TIP: Op syk nei de kraanfûgel by De Fochtel

26 mrt 2016 - 14:12

Kloften kraanfûgels fleane de lêste wiken oer. Se binne ûnderweis werom nei har briedplak yn Skandinavië. Sûnt 2001 briede der ek kraanfûgels yn it Fochtelerfean. De earste jierren ien of twa pearkes, mar de ôfrûne twa jier wienen it der al njoggen. It werynrjochtsjen fan it terrein docht fertuten. It Fochtelerfean is wieter makke en rêstiger wurden.

Tonie Sterken is al mear as 40 jier frijwilliger yn it gebiet. Hy rûst dat der op it stuit seis pearkes dwaande binne in briedplakje te sykjen yn it gebiet.

Buro de Vries gong mei Sterken op syk nei de kraanfûgel, mar oft dat slagge? Neffens Sterken: "Het is geen VVV-vogel, zo van je belt even en je komt maar even langs. Zo werkt dat niet."

Harkje snein tusken 11.00 oere en 13.00 oere nei Buro de Vries op Omrop Fryslân radio of fia ynternet. Of beharkje 'Op syk nei de kraanfûgel' no al hjirûnder. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)