Omrop TIP: Oare Eagen oer technology

23 feb 2015 - 07:59
  • Oare Eagen

Technology? Dat makket jongerein lui en asosjaal en troch social media hast gjin privacy mear. Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei technology en de rol dy’t technology spilet yn it deistich libben?

Oare Eagen is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. Yn de fjirde ôflevering stiet technology sintraal. Tinke jongelju echt oars as âldelju oer technology of binne dy ferskillen eins net sa grut?

Sjoch hjir no al nei de ôflevering fan dizze wike!

‘Ik kin net mear sûnder myn tillefoan of pc’, is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookside fan Omrop Fryslân, www.facebook.com/Omrop, en jou dyn miening!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)