Omrop TIP: Oare Eagen oer noarmen en wearden

02 mrt 2015 - 07:59
  • Oare Eagen

Nei tsjerke gean dat is wat fan eartiids en yn it iepenbier in boer litte, soesto dat dwaan? Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei noarmen en wearden? Wie it eartiids hiel oars as no?

Oare Eagen is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. Yn de fiifde ôflevering steane noarmen en wearden sintraal. Tinke jonge minsken echt oars as âlde minsken oer noarmen en wearden of binne dy ferskillen eins net sa grut?

Sjoch hjir no al nei de ôflevering fan dizze wike!

‘It leauwen wurdt hieltiten minder wichtich en yn it iepenbier in boer litte dat dochst net’, is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookside fan Omrop Fryslân, www.facebook.com/OmropFryslan, en jou dyn miening!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)