Omrop TIP: Nynke-Rixt en har fasinaasje foar it tsjuster

12 des 2015 - 07:18
  • Nynke-Rixt Jukema
  • Ljocht út

‘Feel the Night’ wie ien fan de earste programma’s fan Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018. It krige grutte wurdearring fan de Europeeske beoardielingskommisje. Yn it programma ûndersiket de Fryske arsjitekte Nynke-Rixt Jukema de betsjutting fan it tsjuster en de nacht foar it lânskip, de minske en de bisten.

Ljocht

Yn dizze Fryslân DOK wurdt Nynke-Rixt folge nei har bertehûs yn Swarte Hoanne, flak ûnder de Waaddyk yn Noard-Fryslân. Ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân. Eartiids fûn sy dêr it paad op rook en gehoar. Wilens har stúdzje arsjitektuer yn Delft ûntduts sy ta har fernuvering dat der allinnich mar omtinken wie foar ljocht yn gebouwen. Ljocht hie in artistike en ekonomyske wearde, tsjusterte net.

Tsjuster

Nynke-Rixt wol de appresjaasje foar it tsjuster werombringe yn Fryslân. Se praat mei doarpen om ‘Duisternisdorp’ of ‘Skimerdoarp’ te wurden: minder lantearnepeallen en oar ljocht dat ek foar bygelyks flearmûzen en nachtflinters noflik is. In dokter wurdt frege nei de betsjutting fan tsjusterte foar de sliep en de hormoanhúshâlding. Fierder giet Nynke-Rixt nei yndustriële plakken mei in soad ljocht yn de nacht, lykas in distribúsjesintrum fan PostNL en in stasjon op it plattelân dêr’t de hiele nacht in protte ljocht baarnt, wylst der gjin trein mear komt.

De dokumintêre 'Nynke-Rixt Jukema en Feel the Night' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)