Omrop TIP: ‘Museumdream’ oer Thom Mercuur en Belvédère

23 jan 2016 - 07:30
  • Omrop Fryslân

Ofrûne tiisdei ferstoar de eardere museumdirekteur en keunstsamler Thom Mercuur. Mercuur wie de oprjochter fan museum Belvédère yn Oranjewâld, dat yn 2004 iepene waard troch keninginne Beatrix. Ek stiet hy bekend as kenner en ûntdekker fan moderne Fryske keunstners. 

Omrop Fryslân werhellet dit wykein de dokumintêre ‘Museumdream’ oer Thom Mercuur en museum Belvédère.

Fryske musea

Mercuur soarge derfoar dat de keunst fan Bregman, Benner, Mankes en Van Althuis nasjonaal bekend waard. Yn 1970 waard hy direkteur fan ‘t Coopmanshûs yn Frjentsjer. Dêr organisearre hy ûnder oaren in grutte tentoanstelling oer it libben en wurk fan Jopie Huisman. Fierder brocht er ek it wurk fan keunstner Sjoerd de Vries ûnder de oandacht. Acht jier letter begûn Mercuur by it Fries Museum en organisearre dêr tentoanstellings. Dêrnei begûn hy mei Jaap Wolters by it spoar by Dronryp it fiskrestaurant 'Op Hatsum'.

Belvédère 

Thom Mercuur hat jierrenlang wurke oan de oprjochting fan in museum foar moderne keunst yn Fryslân. Plannen foar sa’n museum oan de Tsjûkemar waarden net realisearre. Yn 2004 makke hy syn dream wol wier mei in museum foar moderne keunsten yn Oranjewâld. De lêste jierren wenne Mercuur yn it Tripgemaal by Gersleat dêr’t hy ek in galery hie. Thom Mercuur is 75 jier wurden.

De dokumintêre ‘Museumdream’ is makke troch Geart de Vries en is sneontejûn om 22.15 en 23.15 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Op snein 24 jannewaris is de dokumintêre om 12.00, 13.00, 14.00 en 15.00 oere te sjen. Of besjoch de dokumintêre no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)