Omrop TIP: Jûnpraters mei Retze van der Honing (GrienLinks)

02 mrt 2015 - 22:43
  • Retze van der Honing

Hy learde it debatearjen fan Sven Kramer syn pake. Docht net oan fitness, wylst dat miskien wol moatte soe. Is fasinearre troch stjerrekunde, drumt yn in bluesbandsje, neamt him sels gaoatysk. En fynt eins dat er yn in elektryske auto ride moat, mar docht dat net.

Retze van der Honing, de listlûker fan GrienLinks, wie de earste gast moandei yn it radioprogramma Jûnpraters en wie dêryn opmerklik iepenhertich. Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster.

Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)