Omrop TIP: Jûnpraters mei Margreet Mulder fan D66

10 mrt 2015 - 21:21
  • Margreet Mulder fan D66 Fryslân

Listlûker Margreet Mulder fan D66 fynt it spitich dat se it Frysk net aktyf behearsket. Dat makket it soms dreech om der hjir echt by te hearren. Sy sei dat tiisdei yn it radioprogramma 'Jûnpraters' fan Omrop Fryslân. Fan in foarnimmen om op kursus te gean is it lykwols nea kaam.

Mulder wurket as coach, en brûkt dêryn de keunst om minsken te learen goed nei harsels te sjen. De belangstelling foar polityk hat se fan har heit dy't jurist wie, en de kreativiteit fan har mem, dy't har learde te sjen nei wat echt moai is.

Mulder fielt har fierder ynspirearre troch Els Borst, hâldt fan de muzyk fan Erik Satie en the Beatles, hâldt net fan politike 'spinnerij', mar wit dat soks wol bart ek troch har eigen partij.

Jûnpraters is in programma yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings dat presintearre wurdt troch René Koster. Jûnpraters is alle wurkdagen fan 2 maart oant en mei 17 maart 2015 te hearren tusken 19.00 en 20.00 oere. Op omroplive.nl kinne jo ek yn de studio meisjen. Alle programma's binne werom te sjen op www.omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)