Omrop TIP: Jûnpraters Jelle Hiemstra fan Friese Koers

03 mrt 2015 - 21:32
  • Steatelid Jelle Hiemstra

Jelle Hiemstra, listlûker fan de partij Friese Koers, waard by de steateferkiezings fan 2011 keazen foar de PVV. Mar Friese Koers mei perfoarst gjin ôfsplitsing fan de PVV neamd wurde, sei hy tiisdei by Omrop Fryslân yn it programma 'Jûnpraters'.

Fierder wol dizze ekonomylearaar út Snits sjongeres Shakira nei Fryslân helje om de Kulturele Haadstêd te iepenjen en moat it skoalswimmen weromkomme. Dat en noch folle mear fertelde Jelle Hiemstra yn it programma 'Jûnpraters' dat Omrop Fryslân oant de ferkiezings alle dagen útstjoert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)