Omrop TIP: It Swarte Goud fan Fryslân

02 apr 2016 - 07:33

‘It Swarte Goud’ fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre It Swarte Goud antwurd te krijen op de fraach wêrom’t it Frysk hynder no sa bysûnder is.

Fan alle Tiden

Yn dit earste diel fan de dokumintêrerige komt ûnder oaren Symon Attema oan bod. Symon gong yn de jierren ’80 út Fryslân wei nei Amearika om dêr in oplieding te folgjen om piloat te wurden. In tiid letter begûn hy mei in nije ‘business’: Fryske hynders fan syn heit ferkeapje yn Amearika, dy ymport waard letter tige populêr. Yn 2004 kaam it Frysk hynder Ariaan nei Amearika, hy waard letter troch Hollywood ûntdutsen, wêrnei’t hy in rol krige yn de film The Legend of Zorro mei Antonio Banderas.

Skiednis

Fierder makket Jorieke Savelkouls in start mei de útlis oer de skiednis fan it Frysk hynder. It Frysk hynder waard nammentlik al sûnt it begjin fan de jiertelling ynset as kriichshynder.
 

De dokumintêre 'It Swarte Goud - Fan alle tiden' is sneon om 15.30 oere en snein om 12.55 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Telefyzje om 17.00 oere. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)