Omrop TIP: it Omrop Fryslân hurdfytskafee en de profronde

26 jul 2015 - 08:43

It is in dei nei de Pieter Weening Classic, twa dagen foar de Profronde fan Surhústerfean en yn Parys wurdt de finish ferriden fan de Tour de France, dy’t dit jier yn Nederlân fan start gie. Dêrom iepenet Omrop Fryslân sneintemiddei in eigen hurdfytskafee. In radioútstjoering folslein yn it ramt fan it hurdfytsen, live út in tinte wei yn it sintrum fan Surhústerfean. Yn it hurdfytskafee wurdt fan 13:00 oant 18:00 oere mei in grut tal promininte Friezen en sportleafhawwers sjoen nei al dy hurdfytshichtepunten.

Tagelyk is dat it momint dat Johan Terpstra syn debút makket as radiopresintator fan Omrop Fryslân op de sneintemiddei. Ferslachjouwer Andries Bakker hâldt ynterviews op ferskate lokaasjes. De muzyk wurdt hielendal ôfstimd op fytsen en Frankryk. Publyk is fan herte wolkom om by de útstjoering te sjen. Wa't net komme kin, kin ek ôfstimme op Omrop Live.

Profronde fan Surhústerfean: live by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat op tiisdei 28 july fansels ek wiidweidich omtinken foar de Profronde fan Surhústerfean. Middeis docht Koos Wieling op ‘e radio ferslach fan it ‘kritearium foar froulju’ en it ‘kritearium foar elite en beloften’. De striid tusken de beropshurdfytsers wurdt fan 19:00 oere ôf live útstjoerd. Fan de start oant de priisútrikking en de huldiging, it is allegear te folgjen op televyzje, radio, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)