Omrop TIP: It OMF konsertkonkoers live op ynternet

19 mrt 2016 - 07:31

It foarjier stiet foar de doar en dêrmei ek it foarjierskonkoers fan de OMF. De muzyk fan harmony, fanfare en brassband is op sneon 19 maart wer live te sjen en te beharkjen fia Omrop Fryslân. It konsertkonkoers fan de OMF is dan fan 9.00 oere ôf streekrjocht te folgjen op de ynternetstjoerder www.omroplive.nl en fia de Omrop-app.

Oan it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) yn ‘De Lawei’ dogge 18 muzykferieningen mei. De optredens binne streekrjocht te folgjen fia www.omroplive.nl. De sjueryleden binne Gert Buitenhuis, Durk Lautenbach, Hennie Ramaekers, Alex Schillings, Danny Oosterman en Jacob Slagter.

It OMF konsertkonkoers is op sneon 19 maart fan 9.00 oere oant likernôch 23.00 oere te folgjen op www.omroplive.nl.

Werom harkje?

Njonken de live-útstjoering makket Omrop Fryslân ek opnamen fan de optredens. Dy binne letter werom te hearren op de HaFaBra-ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. De orkesten spylje ek in ynspylwurk, de koralen dêrfan wurde op sneintemoarns tusken 06.00 en 08.00 oere útstjoerd yn it radioprogramma Koperkanaal FM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)