Omrop TIP: It OMF konsertkonkoers live op ynternet

28 nov 2015 - 07:12

Leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassbands kinne op sneon fia Omrop Fryslân wer live meigenietsje fan optredens. It konsertkonkoers fan de OMF is dan fan 9.45 oere ôf streekrjocht te folgjen op omroplive.nl en de omrop-app.

Oan it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) yn ‘De Lawei’ yn Drachten dogge 18 orkesten mei. Der komme orkesten út de 5e oant en mei de 2e divyzje op it poadium. Brassband ‘Concordia’ fan Bûtenpost trapet it konsertkonkoers ôf. Nei it lêste optreden fan it fanfare-orkest ‘Oranje’ út Dokkum wurde de útslaggen bekend makke.

Omrop Fryslân makket ek opnamen fan de optredens. Dy binne letter werom te hearren op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. De koralen binne op sneintemoarns tusken 06.00 en 08.00 oere te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)