Omrop TIP: It lêste diel fan 'Wat de oarloch mei ús die'

09 maaie 2015 - 08:00
  • Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die, diel 5

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint Fryslân DOK snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane.

Yn de lêste ôflevering stiet de simmer fan 1945 yn Snits sintraal. Nei de befrijing yn 1945 duorren de befrijingsfeesten yn de Wetterpoartestêd folle langer as yn oare plakken yn ‘e provinsje.

By de befrijing fan Fryslân op 15 april 1945 krigen 800 Kanadeeske soldaten ûnderdak by Snitser húshâldens. Troch in grut tekoart oan skippen koene de soldaten net werom nei harren thúslân en sadwaande bleaune se sawat in healjier. De Snitsers en harren befrijers fierden in lange befrijingsrûs. ‘’It wie in perioade fan sedeferwyldering. De oarloch wie oer en de minsken dy’t it oerlibbe hiene, woene it libben fiere,’’ fertelt Bonnie Okkema yn Fryslân DOK. Se skreau in boek oer dy simmer fan 1945 en de gefolgen dêrfan.

It lange ferbliuw fan de Kanadezen soarge yn 1946 foar in bertegolf yn de stêd. De bern krigen meast net in hertlik wolkom. De heiten wiene al wer nei hús ta, werom nei harren eigen húshâlding. De jonge memmen stiene der faak allinnich foar.

It fiifde en lêste diel fan ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is sneon om 15:30 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân telefyzje nei Hjoed.

Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)