Omrop TIP: Fryslân DOK oer 40 jier Irolt

07 nov 2015 - 07:18
  • Irolt yn de jierren '70
  • Irolt yn 2015

It album ‘De Gudrun Sêge’ fan de Fryske groep Irolt wie in revolúsje foar de Fryske folksmuzyk. De groep berikte in legindaryske status. Irolt, mei frontman Nanne Kalma en sjongeres Inez Timmer, hold yn 1987 op te bestean. Se makken yn totaal sân platen. Mar dit jier binne sy efkes werom mei in rige reünykonserten.

De muzyk fan Irolt leit goed yn it gehoar, mar is gauris kompleks troch de ierdske en literêre teksten. De ynstrumintaasje fan de muzyk is altyd akoestysk. Om’t it dit jier fjirtich jier lyn is dat it album ‘De Gudrun Sêge’ útkaam hat Irolt besletten in rige reünykonserten te jaan. Sân muzikanten sjonge en spylje mei in besieling oft der gjin tiid foarby gongen is. In feest fan werkenning of in nije moeting mei sân kanonnen fan de Fryske folk.

It publyk yn de tinte fan it Skimerjûnfestival yn Nij Beets kin alle âlde nûmers meisjonge. Mar Irolt komt ek mei twa nije nûmers. Foar ien fan dy nûmers, ‘Ik wit it noch’, is der spesjaal omtinken yn dizze Fryslân DOK.

De dokumintêre oer Irolt is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)