Omrop TIP: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die, diel 3

25 apr 2015 - 08:00

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint Fryslân DOK snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane.

Yn dizze tredde ôflevering stiet de Arbeidseinsatz sintraal. Tûzenen Friezen reizgen ûnder twang ôf nei Dútslân om dêr yn benammen de oarlochsyndustry te wurkjen. De manlju dy’t dat oerlibben, waarden skoudere by weromkomst. Fryslân DOK dûkt yn de ferhalen fan dy manlju.

Ien fan harren, Johannes van der Heide, waard mei noch tsientûzen oare Fryske manlju oproppen foar de Arbeidseinsatz. Hy hie gjin wurk en gjin útkearing om’t er wegere nei Dútslân te gean. Dútslân hie grut ferlet oan arbeidskrêften om’t de Dútske manlju massaal ynset waarden oan it front. Van der Heide gie dochs nei Dútslân om syn húshâlding ûnderhâlde te kinnen. Hy ferwachte yn trije moanne wêrom te wêzen. Mar oan de ein fan ‘e oarloch rekke er ferwûne by in bombardemint en ferstoar nei in lang siikbêd.
Nei de oarloch waard syn dochter Femke der ferskate kearen op wiisd dat har heit ‘frijwillich’ nei Dútslân gien wie en dat it dêrom syn eigen skuld wie dat er it net oerlibbe hie. Femke swijde har heit dea, oant se brieven fan har heit en mem út de oarlochstiid lies. Dêrnei skreau se in boek oer har heit: ‘’Doe’t dat boek ôf wie, hie ik einlings wer in heit. En hy in dochter.’’

It tredde diel fan ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is sneon om 15:30 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed.

Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)