Omrop TIP: in Fryske klokkemakker yn Londen

03 okt 2015 - 07:08
  • Klokkemakker Johan ten Hoeve yn syn wurkpleats yn Londen

De Jouster klokkemakker Johan ten Hoeve (1984) groeide as soan fan de bekende Fryske klokkemakker Jacob ten Hoeve op yn de wrâld fan oerwurken en masinen fan syn heit. Johan folge de prestizjeuse stúdzje ‘Clocks Conservation and Restoration’ oan it Ingelske West Dean College. Al wilens dy stúdzje ferraste er mei in replika fan in ferneamde ‘Tompion clock’ foar The Royal Observatory, dat jierliks troch sawat 2 miljoen minsken besocht wurdt.

Mei dy opdracht fêstige Johan syn namme yn de Ingelske klokkemakkerswrâld.

Hjoeddeis wurket hy yn syn wurkplak yn Londen oan bysûndere opdrachten fan oer de hiele wrâld. Mar it súkses komt net fansels. ‘Dûnsje mei de tiid’ is benammen in portret oer de woartels fan Johan syn tawijing. In ferhaal oer hoe’t je alles út it libben helje, omdat je de rezjy dêroer samar ferlieze kinne.

De dokumintêre ‘Dûnsje mei de tiid’ is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)