Omrop TIP: Folgje de Simmer yn Fryslân-loop live

13 sep 2015 - 08:12
  • De Simmer yn Fryslân-loop

Mear as 150 dielnimmers stean snein oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop yn Burgum. De loop is it slotstik fan it trettjin wiken duorjende hurdrinprogramma Fit mei Femke fan Omrop Fryslân. Yn 36 podcasts, ynsprutsen troch Femke de Walle en mei soarchfâldich útkeazen muzyk koe elkenien fergees meitraine om de kondysje te ferbetterjen om sa’n 30 minuten efter elkoar drave te kinnen, wat delkomt op sa’n 5 kilometer. De trainings binne makke troch hurdrincoach en Omropkollega Jaring de Groot.

De Simmer yn Fryslân-loop is 5 kilometer lang en is ûnderdiel fan de BurgumRun, dy’t op deselde dei in parkoers lizzen hat foar dielnimmers dy’t 10 en 16 kilometer rinne wolle. It hiele spektakel is live te folgjen fan 11.00 oant 16.00 oere by Omrop Fryslân op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

De start fan de Simmer yn Fryslân-loop is om 14.35 oere. De dravers, wêrûnder Femke de Walle sels, wurde folge troch ûnder oare in kameraman op in motor. In kompilaasje fan de dei wurdt op televyzje útstjoerd om 17.20 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)