Omrop TIP: Elkenien is wolkom by de Dei fan it Fryske wurd

19 sep 2015 - 07:46

In posityf sinjaal hearre litte oer it Frysk. Dat is it doel fan de 'Dei foar it Fryske wurd', dy't sneon by Omrop Fryslân hâlden wurdt. De dei wurdt organisearre troch de meiwurkers fan Omrop Fryslân, omdat de Fryske taal yn bygelyks it ûnderwiis, de rjochtbank en by de Omrop sels ûnder druk stiet. It hiele programma wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Oan de ‘Dei fan it Fryske wurd’ docht in ferskaat fan Fryske skriuwers, dichters, bestjoerders en politisy mei. Ek is der live muzyk fan De Kast, Lytse Hille, Fjouwer Trûbadoers, Anneke Douma en shantykoar De Pikbroeken. Njonken promininte Friezen komme ek ynwenners fan Fryslân oan it wurd om te fertellen wat it Frysk foar har betsjut. Dêrom is elk útnoege om del te kommen en stelling te nimmen foar de Fryske taal.

It barren wurdt hâlden yn de tún foar it gebou fan Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert en begjint om 13.00 oere. It programma sjocht der sa út:
13.00 – 13.30 De Kast
14.00 – 15.00 Lytse Hille
15.00 – 16:00 Fjouwer Trûbadoers
16.00 – 17.00 Anneke Douma
17.00 – 18.00 Shantykoar De Pikbroeken

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)