Omrop TIP: Eineferiening bringt doarp Ryptsjerk byelkoar

06 mrt 2016 - 07:28
  • Yn Ryptsjerk is sels in warskôgingsboerd foar oerstekkende doarpseinen
  • Jan van der Zwaag

Tusken 1920 en 1940 hienen ferskillende doarpen yn Fryslân in eineferiening, om de einen yn it doarp te beskermjen. De measte eineferienings binne opgongen yn de fûgelwachten, útsein dy fan Ryptsjerk.

Eineferiening De Doarpsein bestiet al 78 jier. It is in feriening fan tradysjes. Sa is der ien kear yn it jier in gearkomste wêrby't 'priissprekken' in bysûnder ûnderdiel is. It kontribúsjejild is nea ferhege. It is noch altyd 15 sint. It jild wurdt doar oan doar ophelle, want it hiele doarp is lid.

Doarpseinen passe net goed op piken

De eineferiening yn Ryptsjerk besiket de einepopulaasje yn it doarp sûn en op nivo te hâlden. Sa binne der wolris einepiken helle by de Fûgelhelling yn Oerterp en hawwe se ferline seizoen aaien útbriede litten yn in masine. "Doarpseinen binne hiele aparte bisten," seit Jan van der Zwaag, "Se passe net sa goed op har piken as wylde einen. Se binne te ferwend tink ik".

Kontribúsje fan 15 sint

Oer de takomst fan de feriening sit foarsitter Wiebe van der Laan net yn: "De feriening bringt it doarp byelkoar. Dy 15 sint is in hiel grutte kracht. Dêr stapt men samar oerhinne, en it gewoane fan de fergadering, elts kin himsels wêze. Hoe simpel kinne je it meitsje en hoe krachtich kin it wêze."

Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio

Snein yn it radioprogramma Buro de Vries in portret fan feriening De Doarpsein. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)